De Woeste Liuwen fan Warkum Cornelia Parker

Warkum
Al iuwen wurdt it stedswapen op ‘De Waag’ fan Warkum stipe troch twa liuwen. Sy dogge nayf oan en harren teätrale poaze makket dat wy laitsje moatte. Mar as fontein fan Warkum, stevich op ’e grûn mei in mear as libbensgrutte ôfmjitting, binne sy gjin byfigueren mear, mar haadrolspilers. Op ôfstân fan inoar sproeie sy no as fjochtsjende katten wetter nei inoar. ‘Sjoch nei Warkum’, lykje sy nei ús ta te roppen. Want sûnder it wapenskyld biedt de lege romte tusken harren in hommels útsjoch op ’e libbene werklikheid fan ’e stêd.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

duorsum Accoya-hout, ferve, blêdgoud
3,5 m heech

Cornelia Parker
(Feriene Keninkryk)

Cornelia Parker (1956) fynt it prachtich om deistige foarwerpen en tige bekende bylden út keunst en kultuer op te blazen, te ferdûbeljen, út te rekken of yn diggels te slaan, as in soarte fan died fan befrijing. Want mei de grutskalige skulptueren of ynstallaasjes dy’t sa ûntsteane kriget it âlde en bekende in nije betsjutting. Mei in fleuchje Britske humor op ’e keap ta. Parker wurket graach mei oaren gear.

“Wat my ynteressearret”, seit sy, “binne de ferburgen potinsjes fan bylden, foarwerpen en materialen.” Oan ’e borduerde ferzje fan ’e ‘Magna Carta’, it 800 jier âlde Hânfêst foar Frijheid en Rjochtspraak, borduerden sawol ûnbekende as ferneamde minsken mei. Parker waard yn 2010 beneamd ta Officer of the Order of the British Empire en yn 2017 as earste froulike keunstner ferkeazen ta Election Artist, in bysûndere ear yn it ramt fan ’e Britske ferkiezingen.

www.frithstreetgallery.com

Fonteinen