De Walvis Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla

Harns
Ea stie Harns yn it teken fan ’e walfiskfangst. Tsjintwurdich stribje wy der net mear nei om dy grutte en ymposante bisten te deadzjen, mar krekt om se fan ’e dea te rêden. Foaral no’t se om ûndúdlike redenen hieltyd faker yn ûndjippe wetters strânje. De fontein fan Harns is in libbensechte potfisk. Hy leit as ferdwaald by de Suderpier, mar út en troch ferriedt syn krêftige wetterstriel dat er wis wol yn libben is. Sa tsjûget ‘De Walfisk’ fan ’e enoarme ynfloed dy’t de minske hat op alles wat libbet yn ’e see.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

polyesterhars mei stielen frame
18 m lang, 2,5 m breed (skaal 1:1)

Allora & Calzadilla
(Feriene Steaten, Kuba)

‘Op de barrikade’ soe it devys wêze kinne fan it yn Puerto Rico wennenje keunstnerspear Allora & Calzadilla (1974, 1971). Mei alle middels dy’t de hjoeddeiske keunst ta beskikking steane, bekritisearje sy it ûnmeilydsum en gewelddiedich útrûpeljen fan minske en natuer troch it globale polityk-ekonomyske systeem. Mei harren meastentiids tige direkte skulptueren, fideo’s en foto’s litte se de gefolgen dêrfan sjen, wylst se ús mei foarstellings en muzikale projekten ta ferset oproppe.

Wurk fan Allora & Calzadilla befynt him ûnder mear yn ’e kolleksje fan it MoMa yn New York, it Centre Pompidou en Tate Modern. Yn 2011 fertsjintwurdigen sy de Feriene Steaten op ’e Biënnale fan Fenesië. Dêr hienen sy foar it Amerikaanske paviljoen in omkearde legertank setten mei in op ’e rupsbannen dravende atleet.

www.lissongallery.com

Fonteinen