De Oortwolk Jean-Michel Othoniel

Frjentsjer
De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn ûnderstelling dat der om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten him beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy. De fontein is ûntwurpen as in rige wetterfallen dy’t út in skaal by in fertikale ketting fan nachtkleurige pearels del yn it bassin streame. Ien fan dy pearels is sulverkleurich, lykas de kleur fan ’e moanne, in oar is fergulde, de kleur fan ’e sinne. ‘De Oortwolk’ sels is in dize fan fine dripkes dy’t út in goudkleurich gaaswurk yn ’e skaal falle.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

kralen fan rustfrij stiel mei swart, goud en sulver coating, gaaswurk
3,5 m heech; skaal 1,5 m trochsneed; wetterbassin 3,8 m trochsneed

Jean-Michel Othoniel
(Frankryk)

Jean-Michel Othoniel (1964) krige grutte bekendheid troch syn eksperimintele brûken fan glês út Murano (Itaalje), dêr’t er yn ’e foarm fan grutte ‘kralen’ skulptueren yn in soad ferskillende kleuren kreëarret. It grutte tal wurken fan him
yn de iepenbiere romte beljochtet ûnferwachte aspekten fan de skiednis fan de lokaasje of stêd en kreëarje in prachtige sfear fan kleur en ljocht. Foar it Paleis fan Versailles makke hy in fontein dy’t op de dûnspassen fan Lodewijk XIV basearre is.

Yn 2016 waard Othoniels werynrjochting fan ’e katedraal fan Angoulême ûntbleate, kompleet mei nije fliermotiven en brânskildere ruten. Yn datselde jier waard oan ’e kant fan it IJ yn Amsterdam it troch him ûntwurpen aidsmonumint pleatst.

www.othoniel.fr

Fonteinen