Ljip Lucy & Jorge Orta

Sleat
‘Ljip’ lit in famke sjen dat op ’e skouders fan in man stiet. Sy hâldt in fûgel yn ’e hân. Under de fuotten fan ’e man foarmet in sloardige steapel amers, jerrycans en tobben de basis fan ’e fontein. Dy universele konteners dêr’t it wetter kalm yn en út streamt, wize derop dat ús maatskippij oerfloedich beskikt oer eat dat earne oars yn ’e wâld hielendal net fanselssprekkend is: wetter – de boarne fan al it libben. De fûgel dy’t it famke koesteret is in ljip, in fûgelsoarte dy’t yn Fryslân bedrige wurdt.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

brûns, coating
5 m heech

Lucy & Jorge Orta
(Grut Brittannië, Argentinië)

It mearsidich wurk fan keunstnerspear Lucy & Jorge Orta (1966, 1953) stiet folslein yn it teken fan fiedsel-, wetter- en miljeuproblematyk. Foar harren faak langjierrige yntinsive ûndersyksprojekten wurkje de Orta’s gear mei wittenskippers, NGO’s en de lokale befolking. De ekskurzjes nei Antarktika en it Amazônegebiet liede ta nijsgjirrige tematyske útstallingen. De feroarings fan it Fryske greidelânskip en it hechte mienskipsgefoel fan Sleat spruts de Orta’s tige oan en dat sjogge we werom yn harren fontein.

Lucy & Jorge Orta krigen ferskate prizen, lykas yn 2007 de ‘Green Leaf Award’ foar artistike treflikens mei in miljeubewuste boadskip fan it Nobel Peace Center yn Oslo.

www.studio-orta.com

Studio Orta op Facebook
Lucy + Jorge Orta op Instagram
Studio Orta op Twitter

Fonteinen