Leafde Jaume Plensa

Ljouwert
‘Love’ bestiet út twa 7 meter hege, wite skulptueren fan in jonge en in famke. Sy lykje inoar oan te sjen, mar harren eagen binne ticht. De gesichtsútdrukking fan ’e bern is sereen. Om harren hinne hinget in 2 meter hege mistwolk dêr’t wy yn omdoarmje kinne. ‘Sy dreame’, seit Plensa, ‘foar bern is de takomst in dream fol beloften.’ De Spaanske keunstner krige syn ynspiraasje foar de mistfonteinen doe’t er moarns betiid de dize boppe de Fryske fjilden seach. ‘Yn Fryslân’, seit er, ‘komt it wetter út ’e grûn.’
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

keunsthars mei marmerstof
7 m heech, 3 m omfang

Jaume Plensa
(Spanje)

Jaume Plensa (1955) is wrâldwiid bekend om syn meters hege skulptueren fan benammen frouljushollen. Sy biede in hast meditatyf gesicht. In hichtepunt is de Crown Fountain yn it Millennium Park fan Chicago, dêr’t gesichten fan hûnderten ynwenners ferskine. De fontein ‘Love’ dy’t Plensa makke foar it fernijde stasjonsplein, jout grutte alluere oan de yngong fan de stêd en foarmet in útnûgjend rêstpunt.

De sa typearjende sfear fan besonkenheid en ynkear kaam prachtich ta útdrukking yn Plensa’s soad priizge útstalling yn ’e Basilica di San Giorgio Maggiore ûnder de Biënnale fan Fenesië yn 2015. Plensa hat in soad ûnderskiedingen krigen, lykas de Medaille de Chevalier des Arts et Lettres, de Velázquez Prize for the Arts yn 2013 en yn 2017 The Ten-Year Award to the Crown Fountain for Excellence in Architecture. Syn skulptueren steane oeral op ’e wrâld yn iepenbiere romten en musea, mar hawwe mar selden yn Nederlân west.

www.jaumeplensa.com

Fonteinen