De IIsfontein Birthe Leemeijer

Dokkum
De IIsfontein is in spylbal fan de eleminten en gjin dei gelyk. IIs tekenet patroanen op it koperen fel fan ‘e skulptuer. De mjitte wêryn’t de fontein al of gjin iislagen foarmet, is ôfhinklik fan de sinne, luchtfochtigens, temperatuer, wyn en delslach. Enerzjy foar de IIsfontein wurdt makke troch sinnepanielen. Ringsom steane beammen dy’t in reade kleur krije yn it neijier. Se ferwize nei Bonifatius en syn folgers dy’t yn Dokkum fermoarde binne. Foar optimale skaadwurking is by de skulptuer gebrûk makke fan de wetmjittige oardering fan blêden om in mulpunt hinne. It risseltaat fan mear as 100 miljoen jier evolúsje yn ‘e plantewrâld.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

koper, koelliedings, sinnepanielen, beammen
2 m heech, 3 m breed

Birthe Leemeijer
(Nederlân)

Birthe Leemeijer (1972) lit ús de natuer op in sintúglike wize belibje. Mar frijbliuwend is dat net, want yn ‘e gong wei wiist hja derop dat de natuer en it lânskip drastyske feroarings ûndergeane mei gefolgen dy’t net te oersjen binne. By har ûndersyk bringt sy ferskate foarmen fan kennis by-inoar. It ûnferfulle langstme en gemis dat men by in beskaat plak fiele kin, foarmje foar har in wichtige boarne fan ynspiraasje.

Birthe Leemeijer stiet derom bekend dat sy har yngeand yn ’e skiednis fan in lokaasje ferdjippet en har rjochtet op ’e persoanlike ûnderfining en it meidwaan fan ’e besiker. It draait hieltyd om de fysike en sintúchlike ûnderfining fan ’e natuer yn it lânskip, mar tusken noas en lippen troch komme ek de ferburgen sosjaal-politike aspekten oan ’e oarder. Sa skoot se mei it projekt ‘De onbegrensde tuinen’ de út Azië ôfkomstige tulp nei foaren as in soarte fan migrant, mar merkt sy ek fyntsjes op dat de tulpemany yn ’e santjinde iuw ien fan ’e earste kapitalistyske krises feroarsake hat. Leemeijer wurket it leafst gear mei lokale groepen en wittenskippers. Sy krige in soad opdrachten foar wurk yn ’e iepenbiere romte en eksposearret by toanoanjaande musea en keunstynstellingen yn Nederlân en de Feriene Steaten. Har wurk is meardere kearen bekroand.

www.birtheleemeijer.nl

Fonteinen