Flora & Fauna Shen Yuan

Hylpen
Ynspiraasjeboarne foar de fontein fan Hylpen is de libbensbeam op it stedswapen, mei twa harten, oan wjerskanten ien, in mantsje en in wyfke. De beam symbolisearret de libbensenerzjy, mar stiet ek foar wiisheid. De beide harten fiede harren dêrmei. No sitte der prachtige eksoatyske fûgels yn ’e beam. Ast op it grutte, houten gewei dat om ‘e beam hinne stiet sitst, sjochst hoe’t se wetterspuiend mei-inoar ‘prate’. Oer ús?
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

koper, stiel, Accoya-hout, stien
beam: 3,6 m heech, 2,5 m breed; hoarnen: 7,5 m lang, 2,1 m heech

Shen Yuan
(Sina)

Shen Yuan (1959) is ien fan ’e mar in bytsje froulike Sineeske keunstners dy’t ta de ynternasjonale keunstwrâld trochkrongen is. Yn al har wurk lit sy sjen dat kultueren inoar hieltyd ûnderling beynfloedzje, mar ek dat je dêr je eigen eftergrûn net by hoege te ferleagenjen. Je sjogge hieltyd spoaren fan ’e tradisjonele Sineeske keunst kombinearre mei in ymposant ambachtlik fakmanskip. Dat alles past hiel goed by de eigen en dochs iepen kultuer fan Hylpen.

www.kamelmennour.com

Fonteinen