De Fiskfontein foar Starum Mark Dion

Starum
De see jout, de see nimt. Starum, ea in rike Hânzestêd, kin dêroer meiprate. Oerstreamingen, seehannelsoarloggen, in haven dy’t fersâne: meardere kearen ferfoel de stêd ta earmoed. Mar hieltyd rjochte sy har op en brochten seefeart en fiskerij nije wolfeart. Folksferhalen as ‘It froutsje fan Starum’ fertelle fan dat wiffe lot. ‘De Fiskfontein fan Starum’ heakket dêr in nij ferhaal oan ta, mei in knypeach nei in symboalyske print fan Pieter Bruegel de Oude: ‘Hoe grote vissen kleintjes eten!’ Wy sjogge hoe’t de grutte iepen mûle fan in machtige fisk ús by de wettersproeiende lippen del nei binnen lokket. Wa ûntspringt yn Starum de dûns?
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

keunsthars, PU-skom, stiel
3,3 m heech, 6 m breed, 8,4 m lang

Mark Dion
(Feriene Steaten)

Mark Dion (1961) dûkt foar syn skulptueren en ynstallaasjes djip yn ’e skiednis fan in ûnderwerp of in lokaasje en hellet dêr as in archeolooch allegearre ferburgen aspekten út foar it ljocht. Syn belutsenens by de wrâld is faaks fol mei humor, mar hat ek skerpe kantsjes, benammen as it giet om de gongbere skiedskriuwing of ús omgong mei it bisteryk. De rike, mar foar it grutste part ferburgen skiednis fan Starum sprekt him dan ek tige oan.

Dion hat in soad ynternasjonale projekten en útstallingen op syn namme en grutte musea as it MoMa yn New York en de Tate Gallery yn Londen hawwe wurk fan him.

www.tanyabonakdargallery.com

 

 

Fonteinen