Eksposysje ‘De Tocht – it ferhaal êfter de fonteinen’ no te sjen yn Drylts

31.05.2019

Binne jo benijd nei it ferhaal êfter 11fountains? Kom dan nei Drylts. Yn Museum en Wurkpleats Houtstad IJlst is ‘Het Lokaal’ as eksposysjeromte foar de 11 fonteinen ynrjochte.

Foarich jier wie de eksposysje te sjen oan board fan de historyske koftjalk De Tromp en kamen mear as 10.000 minsken del. Dit jier is it museum yn Drylts de thúshaven foar ‘De Tocht’.

De eksposysje bestiet út de offisjele skaalmodellen fan de keunstners, ynformaasjepanielen oer de fonteinen en in presintaasje/film oer hoe’t de fonteinen makke binne.

Wannear
o/m 30 septimber alle dagen fan 13.00 oant 17.00 oere
nei 30 septimber: alle snoepen fan 13.00 oant 17.00 oere

Wêr
Museum en Wurkpleats Houtstad IJlst
Sneekerpad 14
8651 NE  IJlst

0515 532 167

museumhoutstadijlst.nl