De Woeste Liuwen fan Warkum Cornelia Parker

Warkum
Al iuwen wurdt it stedswapen fan Warkum stipe troch twa liuwen. Sy dogge nayf oan en harren teätrale poaze makket dat wy laitsje moatte. Mar as fontein fan Warkum, stevich op ’e grûn mei in mear as libbensgrutte ôfmjitting, binne sy gjin byfigueren mear, mar haadrolspilers. Op ôfstân fan inoar sproeie sy no as woeste fjochtsjende katten wetter nei-inoar. ‘Sjoch nei Warkum’, lykje sy nei ús ta te roppen. Want sûnder it wapenskyld biedt de lege romte tusken harren in hommels útsjoch op ’e libbene werklikheid fan ’e stêd.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Cornelia Parker
(Feriene Keninkryk, 1956) wennet yn Londen

Parker fynt it prachtich om deistige foarwerpen en oerbekende bylden út keunst en kultuer op te blazen, te ferdûbeljen, út te rekken of yn diggels te slaan, as in soarte fan died fan befrijing. Want mei de grutskalige skulptueren of ynstallaasjes dy’t sa ûntsteane kriget it âlde en bekende in nije betsjutting. Mei in fleuchje Britske humor op ’e keap ta. “Wat my ynteressearret”, seit sy, “binne de ferburgen potinsjes fan bylden, foarwerpen en materialen.” Parker wurket graach mei oaren gear. Oan ’e borduerde ferzje fan ’e ‘Magna Carta’, it 800 jier âlde Hânfêst foar Frijheid en Rjochtspraak, borduerden sawol ûnbekende as ferneamde minsken mei. Parker waard yn 2010 beneamd ta Officer of the Order of the British Empire en yn 2017 as earste froulike keunstner ferkeazen ta Election Artist, in bysûndere ear yn it ramt fan ’e Britske ferkiezingen.

www.frithstreetgallery.com

 

Fonteinen