De Walvis Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla

Harns
Ea stie Harns yn it teken fan ’e walfiskfangst. Tsjintwurdich stribje wy der net mear nei om dy grutte en grutste bisten te deadzjen, mar just om se fan ’e dea te rêden. Foaral no’t se om ûndúdlike redenen hieltyd faker yn ûndjip wetter strânje. De fontein fan Harns is in libbensechte potfisk. Hy leit as ferdwaald by de Suderpier, mar út en troch ferriedt syn krêftige wetterstriel dat er wis wol yn libben is. Sa tsjûget ‘De Walfisk’ fan ’e enoarme ynfloed dy’t de minske hat op alles wat libbet yn ’e see.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Allora & Calzadilla
(Feriene Steaten, 1974; Kuba, 1971) wenje yn San Juan, Puerto Rico

De skulptueren, fideo’s, performances en muzikale projekten fan it keunstnerspear Jennifer Allora & Guillermo Calzadilla geane oer it direkte libben of de skiednis fan in lokaasje en foarmje hast altyd in krityk op it ûnmeilydsum en gewelddiedich útrûpeljen fan minske en natuer troch it globale polityk-ekonomyske systeem en in ymperialistyske polityk. Harren doel is om de djip yn ús libben yngripende machtstruktueren bleat te lizzen en minsken der op brede skaal bewust fan te meitsjen. Sy brûke dêr alle middels fan keunst foar. Sy wurkje ek faak gear mei keunstners út oare dissiplinen. Wurk fan Allora & Calzadilla befynt him ûnder mear yn ’e kolleksje fan it MoMa yn New York, it Centre Pompidou en Tate Modern. Yn 2011 fertsjintwurdigen sy de Feriene Steaten op ’e Biënnale fan Fenesië. Dêr hienen sy foar it Amerikaanske paviljoen in omkearde legertank setten mei in op ’e rupsbannen dravende atleet.

www.lissongallery.com

Fonteinen