De Flearmûs Johan Creten

Boalsert
Flearmûzen binne yntrigearjende, nuttige bisten dy’t mei harren jacht op ynsekten krúsjaal binne yn it ekologyske systeem. De flearmûs stiet yn ’e Aziatyske kultuer symboal foar rykdom, gelok en in seine âlderdom. By ús symbolisearret hy sawol tsjustere krêften as in positive, rêdende krêft. Tink oan Batman, of oan ’e gevels fan ’e grutte katedralen dêr’t er, yn ’e foarm fan wetterspuiers, de demoanen op ôfstân hâldt. Dat past prachtich by de ôfbrânde Broeretsjerke. De treppen op ’e rêch nûget de besiker út om de flearmûs symboalysk te oerwinnen. En…om himsels te oerstigen.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Johan Creten
(België, 1963) wennet yn Parys

Johan Creten wie ien fan ’e iennichste keunstners dy’t yn ’e jierren ’80 begûnen te wurkjen mei keramyk. Hy is hjoed-de-dei ien fan ’e paadsljochters foar de akseptaasje fan ’e keramyske keunst. De ûnderwerpen dy’t er kiest foar syn yn in soad kleurnuânses útfierde, glazuere klaaiskulptueren en grutskalige brûnzen bylden rinne útinoar fan ymposante fûgels en eange inketfisken oant frouljustorso’s dy’t bedutsen binne mei roazen mei skerpe punten. Harren rike symboalyske lading hat nea mar ien betsjutting en slingeret hinne en wer tusken ferlieding en freze, krêft en kwetsberens, it sakrale en it demoanyske. It wurk fan Creten fynt wrâldwiid in plak yn wichtige galeryen en musea, en yn iepenbiere romten, lykas op ’e Rijnkaai yn Antwerpen. Yn 2014 krige er as earste libbene Belch in solo-útstalling yn it Louvre yn Parys. Yn 2015 priizge feilinghûs Christie’s him oan as ‘One To Watch’, mar dat oantrúnjen is de ynternasjonale keunstwrâld al lang net mear nedich.

www.perrotin.com

Fonteinen