Unstjerlike blommen – Rikka Shinji Ohmaki

Drylts
‘Kultuer’, seit Shinji Ohmaki, ‘foarmet him, lykas de natuer, laach op laach. Beide berêste op in grutte ûnderlaach dy’t net ferdwynt, mar dêr’t nije generaasjes hieltyd wer op fierder bouwe.’ Krekt sa’t de stêd Drylts ek ûntstien is. De âlde, foar in grut part ferwyldere stinzeplanten, binne tekens fan dy ûnsichtbere ûnderlaach en fan ’e rol fan ’e minske by de ûntwikkeling dêrfan. De fontein ‘Unstjerlike blommen – Rikka’ ferbynt bloeiende stinzeplanten as elemint út ’e Fryske natuer mei in âlde foarm fan Japanske blomskikkeunst, Ikebana. Hy symbolisearret de ivige ferbyntenis tusken minske, kultuer en natuer.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Shinji Ohmaki
(Japan, 1971) wennet yn Tokyo

Al it wurk fan Shinji Ohmaki berêst op syn ûndersyk nei wat ea wie, mar út it kollektive ûnthâld ferdwûn. Alde ambachten, ferlerne tradysjes, ferdwûne blommesoarten: foar him binne se net fuort, mar lizze sy bedutsen ûnder it stof fan ’e tiid. ‘Kultuer’, seit er, ‘foarmet him lykas de natuer laach op laach. Beide berêste op in grutte ûnderlaach dy’t net ferdwynt, mar dêr’t hieltyd wer nije generaasjes op fierder bouwe.’ It is oan him as keunstner om se yn skjintme wer ta libben te bringen. Sa beduts er muorren en flier fan in grutte seal mei yn kleurich pigmint útfierde, âlde blommotiven dy’t ûnder de fuotstappen fan ’e besikers stadichoan ek wer ferdwûnen. Ohmaki is foaral yn Azië bekend, mar lûkt no ek ynternasjonaal de oandacht. Yn 2016 waard in grutte skulptuer fan him ûntbleate yn ’e Garden Terrace Kiocho yn Tokyo. Hy wûn ferskate grutte prizen.

www.shinjiohmaki.net

Fonteinen