De Oortwolk Jean-Michel Othoniel

Frjentsjer
De fontein is in oade oan ’e wrâldferneamde, yn Frjentsjer berne, astronoom Jan Hendrik Oort. Syn oanname dat him om ús sinnestelsel hinne in ‘wolk’ fan miljarden komeeteftige objekten beweecht, betsjutte in trochbraak yn ’e astronomy. De fontein is ûntwurpen as in rige wetterfallen dy’t út in skaal by in fertikale ketting fan nachtkleurige pearels del yn it bassin streame. Ien fan dy pearels is sulverkleurich, lykas de kleur fan ’e moanne, in oar is fergulde, de kleur fan ’e sinne. De Oortwolk sels is in dize fan fine dripkes dy’t út in goudkleurich gaaswurk yn ’e skaal falle.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Jean-Michel Othoniel
(Frankryk, 1964) wennet yn Parys

Jean-Michel Othoniel krige grutte bekendheid troch syn eksperimintele brûken fan glês út Murano, dêr’t er yn ’e foarm fan grutte ‘kralen’ poëtyske skulptueren yn in soad ferskillende kleuren kreëarret. Sy fine harren wei nei grutte ynternasjonale musea en samlers, mar jouwe op tal fan plakken ek nije grandeur oan ’e iepenbiere romte, lykas de metro-yngong dy’t er yn 2000 ûntwurp foar de halte Palais Royal – Musée du Louvre. Othoniel lit him graach ynspirearje troch de skiednis of de arsjitektuer fan in lokaasje. ‘Les Belles Danses’ bygelyks, de útstrutsen, goudkleurige fontein dy’t yn 2015 ûntbleate waard by it Paleis fan Versailles, is basearre op dûnspassen fan Lodewijk XIV. It is it earste permaninte keunstwurk yn ’e tunen fan it paleis sûnt de dea fan ’e Sinnekening. Yn 2016 waard Othoniels werynrjochting fan ’e katedraal fan Angoulême ûntbleate, kompleet mei nije fliermotiven en brânskildere ruten. Yn datselde jier waard oan ’e kant fan it IJ yn Amsterdam it troch him ûntwurpen aidsmonumint pleatst.

www.othoniel.fr

Fonteinen