Ljip Lucy & Jorge Orta

Sleat
‘Ljip’ lit in famke sjen dat op ’e skouders fan in man stiet. Sy hâldt in fûgel yn ’e hân. Under de fuotten fan ’e man foarmet in sloardige steapel amers, jerrycans en tobben de basis fan ’e fontein. Dy universele konteners dêr’t it wetter rij yn en út streamt, wize derop dat ús maatskippij oerfloedich beskikt oer eat dat earne oars yn ’e wâld hielendal net fanselssprekkend is: wetter – de boarne fan al it libben. De fûgel dy’t it famke koesteret is in ljip, in fûgelsoarte dy’t yn Fryslân bedrige wurdt troch de yntinsive lânbou en feefokkerijen.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Lucy & Jorge Orta
(Grut Brittannië, 1966; Argentinië, 1953) wenje yn Parys

De skulptueren, ynstallaasjes, borduerwurken en arsjitekturale konstruksjes fan it mearsidige keunstnerspear steane folslein yn it teken fan fiedsel-, wetter- en miljeuproblematyk. Mar ek de ymmigraasje- en flechtlingepolityk binne tema’s. Sy sykje dêr mei klam ús partisipaasje by. By The Meal bygelyks, in langduorjend projekt dat yn in soad stêden op ’e wrâld plakhat, sitte hûnderten minsken oan lange, feestlik klearmakke tafels dy’t hieltyd yn it teken steane fan ien fan ’e tema’s fan ’e keunstners, lykas bôle of drinkwetter. Dy tema’s komme ek werom yn ’e troch de keunstners ûntwurpen oanklaaiïng fan ’e tafels. Foar harren yntinsive ûndersyksprojekten yn Antarktika en it Amazônegebiet wurkje de Orta’s in soad gear mei wittenskippers, NGO’s en de lokale befolking. De ekskurzjes liede ta nijsgjirrige tematyske útstallingen. Lucy & Jorge Orta krigen ferskate prizen, lykas yn 2007 de ‘Green Leaf Award’ foar artistike treflikens mei in miljeubewuste boadskip fan it Nobel Peace Center yn Oslo.

www.studio-orta.com

Studio Orta op Facebook
Lucy + Jorge Orta op Instagram
Studio Orta op Twitter

Fonteinen