Leafde Jaume Plensa

Ljouwert
‘Love’ bestiet út twa 7 meter hege, wite skulptueren fan in jonge en in famke. Harren gesichten binne nei-inoar takeard, mar harren eagen binne ticht. De gesichtsútdrukking fan ’e bern is sereen. Om harren hinne hinget in 3 meter hege mistwolk dêr’t wy yn omdoarmje kinne. ‘Sy dreame’, seit Plensa, ‘foar bern is de takomst in dream fol beloften.’ De Spaanske keunstner krige syn ynspiraasje foar de mistfonteinen doe’t er moarns betiid de mist boppe de Fryske fjilden seach. ‘Yn Fryslân’, seit er, ‘komt it wetter út ’e grûn.’
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Jaume Plensa
(Spanje, 1955) wennet yn Barcelona

Jaume Plensa’s namme is wrâldwiid bekend troch syn metershege skulptueren fan foaral frouljushollen. Sy hawwe de eagen sletten en biede in hast meditatyf gesicht. De sa typearjende sfear fan besonkenheid en ynkear kaam prachtich ta útdrukking yn Plensa’s soad priizge útstalling yn ’e Basilica di San Giorgio Maggiore ûnder de Biënnale fan Fenesië yn 2105. In absolút hichtepunt yn syn wiidweidige oeuvre is de Crown Fountain yn it Millennium Park fan Chicago, dêr’t gesichten fan hûnderten ynwenners ferskine. Plensa hat in soad ûnderskiedingen krigen, lykas de Medaille de Chevalier des Arts et Lettres, de Velázquez Prize for the Arts yn 2013 en yn 2017 The Ten-Year Award to the Crown Fountain for Excellence in Architecture. Syn skulptueren steane oeral op ’e wrâld yn iepenbiere romten en musea, mar hawwe mar selden yn Nederlân west.

www.jaumeplensa.com

Fonteinen