De Fontein fan Fortuna Stephan Balkenhol

Snits
Op in gouden bol midden yn it wetter stiet in man mei in Hoarn fan Oerfloed. It byld ferwiist nei Fortuna, de goadinne fan it gelok en de beskermfrou fan stêden, famyljes en folken. De oerfloeiende hoarn symbolisearret de materiële wolstân fan ’e lokkige dy’t dermei yn oanrekking komt. Mar de gouden bol draait hieltyd om syn as, sadat it wetter, lykas de tastream fan it fortún, in ûnberekkenbere, wylde krêft wurdt. De oerfloed dy’t him tafallich oer ús útstoart, kin ús troch it lot like gau wer ûntnommen wurde. Sjoch mar nei de skiednis fan Snits.
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Stephan Balkenhol
(Dútslân, 1957) wennet yn Dútslân en Frankryk

Stephan Balkenhol bruts yn ’e jierren tachtich ynternasjonaal troch mei út hout hakke minskefigueren, wat yn dy tiid hiel ûngebrûklik wie. De skulptueren fertoane, sels as se letter yn brûns jitten binne, altyd dúdlike spoaren fan ’e hammer en beitels dêr’t de keunstner de figueren út in beamstronk hakke hat. De gesichtsútdrukking en klean fan ’e figueren binne neutraal, sadat dejinge dy’t se besjocht syn of har eigen ferhaal derfan meitsje kin. Mar de lichte irony dêr’t Balkenhol de minsklike soarte mei besjocht, sil hast net ien ûntgean. Dat sipelet ek troch yn syn wurk yn ’e iepenbiere romte dêr’t er faak de skiednis fan in stêd of lokaasje by belûkt. In soad besprutsen wurk is de skulptuer fan in man yn ’e rivier de Thames. In soad minsken tochten dat der ien ferdronk. Balkenhols skulptueren treffe je wrâldwiid yn in soad stêden oan, lykas yn tal fan grutte musea en galeryen. Hy jildt as ien fan ’e wichtichste hjoeddeiske byldhouwers.

www.stephenfriedman.com
www.akinci.nl

Fonteinen