De Fiskfontein foar Starum Mark Dion

Starum
De see jout, de see nimt. Starum, ea in rike Hânzestêd, kin deroer meiprate. Oerstreamingen, seehannelsoarloggen, in haven dy’t fersâne: meardere kearen ferfoel de stêd ta earmoed. Mar hieltyd rjochte sy har op en brochten seefeart en fiskerij nije wolfeart. Folksferhalen as ‘It froutsje fan Starum’ fertelle fan dat wiffe lot. ‘De Fiskfontein fan Starum’ heakket dêr in nij ferhaal oan ta, mei in knypeach nei in symboalyske print fan Pieter Bruegel de Oude: ‘Hoe grote vissen kleintjes eten!’ Wy sjogge hoe’t de grutte iepen mûle fan in machtige fisk ús by de wettersproeiende lippen del nei binnen lokket. Wa ûntsnapt yn Starum de dûns?
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden
Nij kultureel erfguod
yn 'e Fryske Alve Stêden

Mark Dion
(Feriene Steaten, 1961) wennet yn New York

It mearsidige oeuvre fan Mark Dion is ien grut ûndersyk nei de wize hoe’t offisjele ynstitúsjes ús begryp fan ’e skiednis, de kenniswittenskip en de natuer foarmje en bepale. Dion dûkt dêr djip foar yn ’e skiednis fan in ûnderwerp of in lokaasje en hellet dêr as in archeolooch allegearre ferburgen aspekten út foar it ljocht dy’t er op syn eigen wize oarderet, faak yn ‘Wunderkammer’-eftige ynstallaasjes. Dat liedt faak ta ferrassend nije ynsichten. Dions wurk sit fol mei humor, mar hat ek skerpe kantsjes, foaral as it giet om ús omgong mei it bisteryk. Sa joech er yn 2016 mei syn ynstallaasjes foar it Drintsk Museum de jacht der kolderyk mar flink fan lâns. Dion hat in soad ynternasjonale projekten en útstallingen op syn namme en grutte musea as it MoMa yn New York en de Tate Gallery yn Londen hawwe wurk fan him.

www.tanyabonakdargallery.com

 

 

Fonteinen